Frou op elektryske fyts slimferwûne by oanriding yn Ljouwert

25 okt 2015 - 18:01
  • Slim ûngelok mei elektryske fyts op hoeke Foarstreek-Hoeksterein

Yn Ljouwert is sneintemiddei in frou slim ferwûne rekke by in oanriding. Se stuts op har elektryske fyts op de kop fan de Foarstreek de wei oer nei it Hoeksterein. In automobilist dy't fan de rotonde kaam, koe in oanriding net foarkomme en ried de oerstekkende frou oan.

De frou is gau mei de ambulânse nei it Medysk Sintrum Ljouwert brocht.Hoe't it mei har giet, is net bekend. In traumahelikopter koe werom nei Grins doe't er boppe it plak fan it ûngelok hong. De strjitte waard ôfset om it ûngelok te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)