Frou op 'e kop yn de sleat

14 jul 2014 - 21:04
  • De auto rekke op 'e kop yn de sleat by de Wâldwei

In frou is moandeitemiddei troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto neist de Wâldwei op 'e kop yn 'e sleat bedarre. De frou, dy't yn ferwachting wie, koe sels út de auto klauterje. Mei stipe fan de helptsjinsten is de frou troch in stik maislân nei de ambulânse rûn. Dêr hat se earste help krigen en is se nei it sikehûs brocht.

Earder dy deis rekke in eintsje fiederop ek al in auto yn 'e sleat. Dêr rekke ek in frou by ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)