Frou omkaam by ûngelok

26 nov 2006 - 15:00

In 40-jierrige frou út Oentsjerk is sneintemoarn ferstoarn oan de gefolgen fan in auto-ûngelok by Ealsum sneontemiddei. De frou siet yn de auto by in 31-jierrige ynwenner fan Dokkum.

By it ynheljen fan in oare auto moast de bestjoerder gau útwike foar in tsjinlizzer. Dêrby sloech de auto twa kear oer de kop en kaam op 'e kop yn de sleat telâne. De frou is oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Dêr is sy snein ferstoaarn oan har ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)