Frou omkaam by Nijemardum

16 sep 2013 - 09:47

By Nijemardum is moandeitemoarn in 20-jierrige frou út Grins omkaam by in auto-ûngelok. Se rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de Lycklamawei ôf en botste tsjin in beam. It ûngelok barde moandeitemoarn om acht oere hinne.

Helptsjinsten wiene manmachtich nei it plak fan it ûngelok kaam, mar se koene neat mear foar it slachtoffer dwaan. Der wurdt ûndersyk dien nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)