Frou omkaam by brân yn Drachten

21 mrt 2005 - 16:25

In frou (51) út Drachten is sneontejûn om it libben kaam by in brân yn in flat oan de Sint Jansberg. It gie om in lytse brân, dy't beheind bleau ta de wente fan de frou. Der kaam wol in soad reek frij, nei alle gedachten is de frou dêrtroch stikt.

De brân waard meld troch buorlju, dy't in ûntploffing heard hiene. Doe't de brânwacht de flat yngie, wie de frou al ferstoarn. Der hat gjin gefaar west foar de omlizzende flats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)