Frou om it libben kommen

31 jan 2003 - 00:00

In 61-jierrige frou út Nijbeets is tongersdei om it libben kommen by in ferkearsûngelok. Se ried by in oar yn de auto dy't troch in slip tsjin in bestelbuske oanbotste. Dat barde op de dyk tusken Nijbeets en Beetstersweach.

De glêdens en snie soargen yn de hiele provinsje foar swierrichheden. By de oanridingen wie inkeld blikskea. By Drachten, Ljouwert, Wolvegea, Snits, Aldeholtwâlde en It Hearrenfean botsten ûnder oare auto's op elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)