Frou oerriden troch frachtwein

27 aug 2007 - 15:51

In ynwenster fan Ljouwert (78) is moandei oerriden troch in frachtwein en om it libben kommen. De frou rûn mei har rollator op de Ludingadam yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.

De 42-jierrige sjaufffeur fan in frachtwein fan Omrin, dy't dêr âld papier ophelle, seach de frou oer de holle. Sy rekke ûnder it rjochterfoartsjil en wie op slach dea. De plysje is op syk nei in tsjûge, in frou mei lang swart hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)