Frou oerfallen yn De Wylgen

07 mrt 2012 - 18:23

Der hat woansdeitemiddei om ûngefear 4 oere in oerfal west op in hûs oan de Biskopswei yn De Wylgen. In man belle oan en doe't de frou iependie waard se bedrige. It is net bekend oft de man ek yn 'e hûs west hat en oft er wat meinaam is. Uteinlik is de fertochte wer fuortgien. De frou hat 112 belle en der is in boargernetaksje starten, mar de man is net achterhelle.

De man is tusken de 30 en 35 jier, hie in blauwe spikerbroek en in griis fleece-jack oan. Hy hie hiele lytse, tichtknypte eachjes.

De plysje hat de hiele dei noch mei de saak oan de slach west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)