Frou oerfallen op It Hearrenfean

01 des 2004 - 11:42

In 52-jierrige frou fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn yn dat plak oerfallen en bestellen. Se fytste oer de Omwei doe't der in auto stilstie. In man stapte út de auto en spuite de frou mei pepperspray yn it gesicht.

Se sprong fan de fyts en rûn hurd fuort. De oerfallers binne útnaaid mei har tas, dy't yn de fytstas siet. Dêr sieten bankpassen, in mobile telefoan en in rydbewiis yn. De oerfallers binne noch net pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)