Frou oer de kop by Appelskea

19 des 2012 - 11:57

In 27-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean is tiisdeitemiddei by in ûngemak op de Bosberg by Appelskea licht ferwûne rekke. Neffens de frou begûn de auto samar te slingerjen. Se koe foarkomme dat se op de linkerhelte fan de dyk bedarre, mar rekke al yn de berm dêr't de auto oer de kop sloech.

De brânwacht hat de frou út de auto helle. De frou hoegde net nei it sikehûs, se hie allinnich lêst fan in knibbel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)