Frou oantaast op It Fean

28 apr 2010 - 20:09

In 55-jierrige frou fan It_Hearrenfean is ôfrûne moandei slim oantaast. It slachtoffer wie oan it wurk yn har winkel yn it sintrum fan It Hearrenfean doe´t der in man yn kaam.

Hy rûn fuortendalik op de frou ôf en twong har mei te kommen nei in stil plakje yn de winkel. Dêr hat er de frou mishannele. Ek twong er har om seksuele hannelings by him te dwaan. De plysje is op syk nei tsjûgen en slút net út dat de man mear slachtoffers makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)