Frou oantaast op It Fean

13 maaie 2003 - 00:00

By it busstasjon op It Hearrenfean is tiisdeitemoarn in frou (53) mishannele. Doe't se yn de bus stappe woe, waard se fan achteren beetpakt troch in man. Dy skodde har in pear kear hinne en wer. Wêrom't er dat die, waard net dúdlik. De frou kaam dêrby tsjin in izeren stang oan.

De dieder koe eefkes letter op De Fok oanhâlden wurde. It giet om in man fan 29 jier fan It Hearrenfean. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)