Frou oanriden yn Snits

02 des 2012 - 10:48
  • Snits

In frou fan 63 út Snits is snenontemiddei ferwûne rekke, doe't se sûnder goed út te sjen in dyk oer stuts. Dat wie op de Boeierstrjitte yn har wenplak. In 86-jierrige automobilist koe nettsjinsteande dat er flink remme in oanriding net mear foarkomme. De frou is mei ferwûnings oan 'e skonken oerbrocht nei it sikehûs yn har wenplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)