Frou oanriden troch taksy

01 des 2008 - 09:41

In 45-jierrige frou út Stiens is sneintemiddei ferwûne rekke neidat sy oanriden waard troch in taksy. Dat barde by it treinstasjon yn Ljouwert.

De 51-jierrige sjauffeuse fan de taksy, in frou út Koarnjum, woe dêr de Stasjonswei opride, mar seach de frou oer de holle. Dy foel troch de klap mei de taksy fan har fyts en rekke ferwûne oan har ankel. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)