Frou oanriden op sebrapaad

30 sep 2011 - 10:00

Op it Fliet yn Ljouwert is woansdeitejûn in 20-jierrige frou út Berltsum ferwûne rekke by it oerstekken. Se waard op in sebrapaad oanriden troch in grize Mercedes, dy't der hurd oanriden kaam út de rjochting fan de binnenstêd.

De frou kaam te fallen en moast mei ferwûnings nei de dokter. De Mercedes is nei de oanriding trochriden. De plysje ropt tsjûgen fan it ûngelok op om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)