Frou oanrand yn Ljouwert

03 jun 2007 - 15:55

In 36-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht nei snein oanrand op de Hendrik_van_Deventerstrjitte yn Ljouwert. De frou fytste troch de stêd doe't se fernaam dat se folge waard troch in ûnbekende man.

Doe't se fan de fyts stapte, treau de man har yn de boskjes en krige har beet. De frou reagearre troch de man yn it krús te skoppen. De man is útnaaid. Hy is noch ridlik jong en hat in lichttinte hûdskleur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)