Frou oanholden foar brân

11 apr 2007 - 10:51

De plysje hat tiisdeitenacht yn Wolvegea in 58-jierrige frou oanhâlden op fertinking fan brânstifting. Even dêrfoar kaam in melding binnen dat der brân wie yn in hûs oan de Struikheide. It fjoer wie ûntstien yn de keuken.

De brânwacht koe it fjoer útmeitsje. Nei ûndersyk ûntstie it fermoeden dat it fjoer oanstutsen wie. De bewenster is dêrom arresteard en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)