Frou oanhâlden nei stekpartij

04 okt 2004 - 11:36

De Ljouwerter plysje hat sneon in frou (23) oanhâlden, omdat se in man (36) stutsen hie mei in mes. It slachtoffer waard nei de stekpartij oan de Telemanstrjitte mei ferwûnings oan it boarst oerbrocht nei it sikehûs.

De fertochte frou is ynsletten. It wapen, in fleismes mei in lemmet fan 20 sentimeter, is yn beslach nommen. De plysje hat gjin idee oan de oanlieding fan de stekpartij, mar tinkt dat de oarsaak yn 'e relasjonele sfear leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)