Frou oanhâlden mei drugsattributen yn de auto

24 maaie 2015 - 11:33
  • Drugs

Yn Bitgum is in 32-jierrige frou út Berltsum sneontejûn oanhâlden. Plysjes troffen har yn in stilsteande auto midden op de Langhuisterweg oan. Se lei foaroerbûgd oer it stjoer. Nei in pineprikkel kaam de frou wer by. Se joech oan dat se kokaïne brûkt hie. Yn de auto fûn de plysje tal fan attributen oan foar it brûken fan ferskate drugs. Ek is in fleske fûn mei mooglik GHB deryn. De frou is meinaam nei it plysjeburo en dêr is har in bloedproef ôfnaam. De útslach dêrfan komt letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)