Frou oanhâlden dy't foar oerlêst soarge yn Ljouwert

31 jan 2015 - 15:32
  • Plysje

De plysje hat freedtenacht in 29-jierrige frou oanhâlden, neidat se op de Tunen yn Ljouwert foar oerlêst soarge hie. De frou hie spul mei har freon. Se stiene tsjin elkoar te roppen en te razen.

De plysje helle de twa útelkoar, mar doe wegere de frou mei te wurkjen. Se fersette har tsjin har oanhâlding en skopte de plysjes. Har 32-jierrige freon besocht de oanhâlding fan de frou te ferhinderjen en waard dêrom ek oanhâlden. Beide fertochten binne meinommen nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)