Frou oan 'e doar bestellen

25 mrt 2013 - 10:01

In 71-jierrige frou út Snits is sneintemoarn thús bestellen. Unbekende froulju bellen by har oan mei de fraach wêr't it sikehûs wie. Doe't de frou dat útlei, siet ien fan 'e froulju oan har en pakte in halsketting. Fierders siet ek ien oan har pols.

It slachtoffer wist de ketting werom te krijen, mar se mist har horloazje. De froulju praten min Nederlânsk. Se stapten yn de auto en naaiden doe út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)