Frou Nijbeets riidt auto's oan

11 maaie 2014 - 14:17
  • File

In 65-jierrige frou út Nijbeets hat sneontemiddei grutte skea feroarsake yn Zeewolde. Se ried mei har auto yn op in pear auto's dy't foar in stopljocht stiene te wachtsjen.

De frou rekke ferwûne by de oanriding en moast foar behanneling nei it sikehûs. Mooglik is sy efkes út 'e tiid rekke. Foaral de sydkanten fan de wachtsjende auto's rekken fernield. De auto fan de frou út Nijbeets rekke sels hielendal total loss. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)