Frou mislediget plysjeman

24 mrt 2012 - 15:45

    In ynwenster (27) fan De Gordyk is freedtenacht oanhâlden omdat se in plysjeman misledige. Twa plysjes wiene op It Hearrenfean yn petear mei in tal stappers, doe't der twa froulju by kamen. Beide hiene tefolle dronken. De 27-jierrige frou gie neist de plysjeman sitten en rôle syn broeksboksen op. De plysjeman stjoerde har fuort en dêrop misledige de frou him.

    De frou waard dêrom oanhâlden en meinommen nei it buro foar it opmeitsjen fan in proses-ferbaal.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)