Frou mishannelet Snitser (18)

26 des 2005 - 09:59

Yn 'e krystnacht is in 18-jierrige jonge yn in Snitser kafee yn it gesicht slein troch in kafeebesykster. It ynsidint wie yn 'e Kruzebroederstrjitte tsjin healwei fjouweren. It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje.

De plysje wol no graach even mei de frou prate en is op syk nei har. It moat gean om in frou fan in jier as 20 mei steil, swart hier. Se is tusken de 1.60 en 1.70 meter lang en hie in lichte jas en swarte broek oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)