Frou mishannelet oare frou

13 jul 2010 - 11:02

In frou fan 43 jier út Ljouwert hat moandei op 'e Grinzerstrjitwei yn har wenplak in oare frou út Ljouwert mishannele. Dy lêste wie krekt fan 'e fyts stapt doe't se oanfallen waard troch de fertochte. Dy sloech har fiif kear mei de fûst yn it gesicht.

De plysje koe de fertochte letter oanhâlde. Se soe it slachtoffer mishannele hawwe, omdat se fûn dat dy tefolle rotsoai yn har tún makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)