Frou mishannele yn Ljouwert

18 apr 2007 - 10:40

Yn de Saskiastrjitte yn Ljouwert is in 39-jierrige Ljouwerter tiisdeitenacht oanhâlden fanwege mishanneling. De plysje krige jûns in melding dat in frou mishannele waard. Yn de strjitte oankaam fûn de plysje in 37-jierrige frou mei ferwûnings oan har gesicht, búk en linkerfoet.

Se ferklearre dat se delslein wie troch in man mei in bierfleske. De frou is oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte is letter oanholden

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)