Frou mishannele: tsjûgen frege

25 des 2002 - 00:00

In frou (72) út Drylts is tiisdeitejûn yn har hûs oan de Sjaerdemastrjitte oerfallen. Se die de doar iepen foar twa mannen mei in bosk blommen. Doe't de doar iepen wie, treaunen de mannen har nei binnen. Se bûnen de frou fêst en mishannelen har. Se waard twongen de pinpas en de koade ôf te jaan.

Nei't de mannen fuort wienen, koe de frou de plysje belje. Se is nei it sikehûs brocht. De plysje freget tsjûgen te beljen mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)