Frou mishannele troch manlju

24 nov 2002 - 00:00

In frou fan 66 jier is yn de nacht fan sneon op snein mishannele troch trije manlju. Dat barde yn it hûs fan de frou, oan de Gonggrijpstrjitte yn Snits.

De manlju easken jild fan de frou en sloegen har, wêrtroch se oan de holle ferwûne rekke. Troch in melding koe de plysje op tiid by it hûs komme en de trije manlju oanhâlde. De manlju, ien út Ljouwert en twa út Zwolle, binne opsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)