Frou mishannele op It H'fean

14 okt 2007 - 15:13

In frou (26) fan It Hearrenfean is sneon yn har wenplak mishannele. Se liet om seis oere har hûn út en kaam dêrby in frou mei twa oare hûnen tsjin. De linen fan de hûnen rekken yn it foarbygean yn inoar fertize.

Der ûntstie spul wêrby't de oanjouster klappen krige. De freon fan de oare frou kaam der ek by en spuide har yn it gesicht. Doe't de frou har telefoan fan de grûn pakke woe, trape de man op har hân. De frou koe doe ûntkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)