Frou mishannele en bestellen fan tillefoan

01 feb 2015 - 10:39

In 48-jierrige man út Frjentsjer is ôfrûne nacht troch de plysje oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld. De man soe yn de Grote Hoogstrjitte yn Ljouwert in frou fan 38 fan It Hearrenfean mishannele ha. Dernei naaide hy út mei har mobile tillefoan.

Plysjes koene de man oanhâlde. Hy is nei it plysjeburo brocht foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)