Frou mei scootmobyl yn wetter

21 mrt 2012 - 10:14

In frou fan 87 is tiisdei op Skylge mei har scootmobyl yn it wetter rekke. De frou ried troch noch ûnbekende oarsaak by Formerum in sleat yn. It slagge in foarbygonger om har út it wetter te heljen. In takelwein fan de gemeente, dy't by tafal foarby kaam, hat de scootmobyl wer op 'e kant set. De frou moast troch in dokter behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)