Frou mei hynder yn it wetter

06 feb 2006 - 09:31

In 45-jierrige ynwenster fan Ravenswâld is sneontemiddei troch ûnbekende oarsaak mei har hynder yn it kanaal bedarre. De hynsterydster sakke tegearre mei har hynder troch it iis. It hynder koe op eigen krêft út it djippe en kâlde wetter komme.

De frou wie by de fal ûnder it hynder terjochte kaam en ferwûne rekke oan in skonk. Buertbewenners ha de frou út it wetter helle. De frou is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)