Frou mei drank op achter stjoer

26 okt 2006 - 10:22

Yn Dokkum is woansdei in frou oanhâlden omdat se mei har auto yn de struken riden wie. Doe't de plysje dêr kaam, wie se al fuort. Nei in koarte sykaksje kaam de plysje de frou tsjin.

Nei in blaastest die bliken dat de frou tefolle dronken hie. Se moast har riidbewiis ynleverje en der is proses ferbaal opmakke foar it riden ûnder ynfloed en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)