Frou mei auto yn feart

22 nov 2008 - 13:27

In 41-jierrige automobiliste út Drachten is freed mei de auto oer de kop yn de feart rekke. It ûngelok barde op de Wâldwei ta hichte fan Garyp. Foarbygongers seagen de auto fan de frou tsjin de fangrail riden en trochsjitten yn de feart.

Beide automobilisten holden stil en stapten út om de frou út de auto te heljen. Se is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)