Frou mei auto yn 'e slip

19 okt 2008 - 15:03

Yn 33-jierrige ynwenner fan Aldegea hat sneontemiddei in skower makke mei har auto. De frou ried op de Aldegeasterdyk doe't se de macht oer it stjoer ferlear en tsjin in beam knalde. Oarsaak fan de slippartij wie in laach modder op de dyk.

Dit kaam fan lânbouferkear dat op in stik lân njonken de dyk oan de gong wie. De dyk wie wol skjinmakke, mar net goed genôch. De frou koe sels út de auto komme en nei hûs rinne. Letter is se nei it sikehûs gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)