Frou mei auto oer de kop

05 okt 2008 - 12:20

In 51-jierrige frou fan Drachten is sneon op de Wâldwei ferwûne rekke by in iensidich ûngemak. De frou ried yn de rjochting fan Ljouwert doe't se troch noch ûnbekende oarsaak yn de linkerberm telâne kaam.

Se rekke de macht oer it stjoer kwyt en sloech in pear kear oer de kop. Omstanners ha de frou earste help ferliend. Se is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)