Frou mei auto de feart yn

16 jul 2006 - 12:56

In 39-jierrige frou út Drachten is freedtemiddei mei har auto de Kompanjonsfeart ynriden. Se ried by de Trambrêge de dyk op, mar krige eefkes letter yn de gaten dat se ferkeard ried.

By it kearen fan de auto ferlear se de kontrôle oer de auto en ried se de feart yn. Dêr siet se even beknipe mei de foet tusken de doar. Se koe sels loskomme, mar hold der al in seare ankel oan oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)