Frou leveret pakketsje mei springstof ôf by gemeentewerf

18 jun 2015 - 13:58
  • Springstof

De plysje is op syk nei in âldere frou dy't woansdei by de gemeentewerf yn Wolvegea in lyts pakketsje ôfjûn hat. Omdat in meiwurker fan de gemeente it pakketsje net fertroude, waard de plysje ynskeakele. Dy konstatearre dat der springstof yn siet.

Meiwurkers fan de EOD hawwe it pakketsje tongersdei ta ûntploffing brocht oan de râne fan Wolvegea. De plysje is no op syk nei de frou. Dy melde by it ynleverjen dat se it pakketsje tsjinkaam wie by it opromjen fan har hûs en der graach ôf woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)