Frou krijt slachboom op 'e holle

14 okt 2004 - 10:37

By it parkearterrein oan de Molenstraat op it Hearrenfean is woansdei in frou ferwûne rekke doe't sy de slachboom by de útrit fan it terrein op har holle krige. De frou is mei de ambulanse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hoe slim de ferwûnings fan de frou krekt binne, is net krekt bekend.

De frou hie it parkearkaartsje yn de automaat treaun en rûn doe achter de auto oan. Har man ride krekt fuort en doe gie de slachboom wer del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)