Frou krijt slach yn gesicht

30 des 2007 - 13:40

In frou (21) út Ljouwert is sneontemiddei op it parkearterrein oan de Snitsertrekwei mishannele troch in noch ûnbekende man. De frou woe it parkearterrein opride, mar in oare auto stie yn it paad.

Doe't de frou toetere, ried de auto in stikje foarút, mar gie doe fuortdaliks wer op de rem stean. De bestjoerder fan de oare auto stapte út en rûn op de frou ôf. Hy luts de autodoar iepen en joech har in slach yn it gesicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)