Frou krijt bierglês yn gesicht

12 aug 2010 - 13:00

In 17-jierrich famke út Ljouwert is woansdeitenacht yn it Drintse Wateren troch in 18-jierrige frou út De Bilt mei in bierglês yn it gesicht slein. It famke seach dat de frou in oare besiker fan in hoarekasaak twa kear in klap joech. Doe't it famke de frou der op oanspruts krige se sels twa klappen, werfan de lêste mei it glês.

Se rekke ferwûne oan har gesicht. Omstanners koene de frou út De Bilt oanhâlde en droegen har oer oan de plysje. De frou sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)