Frou komt ûnder auto op parkearplak yn Ljouwert

22 feb 2015 - 10:56

Yn Ljouwert is in 78-jierrige frou út Minnertsgea sneontemiddei ferwûne rekke. Se waard op de Snekertrekweg oanriden troch in auto dy't bestjoerd waard troch in 48-jierrige Harnzer. De man ried achterút op in parkearplak en hie de frou net rinnen sjoen. It slachtoffer kaam ûnder de auto en is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. It die bliken dat de Harnzer dronken hie doe't er op it buro blaze moast. De man mocht trije oeren net ride en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)