Frou komt om it libben by brân

07 des 2002 - 00:00

By in brân yn in wente oan de Woudweg yn Dokkum is sneontemoarn betiid in 92-jierrige frou om it libben kommen. De brân bruts om kertier oer trijen fannacht út. De brânwacht rukte út mei grut materiaal, mar koe net foarkomme dat it hûs folslein ôfbaarnde. Ek de huzen yn 'e omkriten rûnen brânskea op.

De frou waard oerbrocht nei it sikehûs yn Grins en is dêr ferstoarn. De oarsaak fan 'e brân is noch net bekend. De technyske resjerzjy docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)