Frou klapt mei scooter op iepenslaande autodoar

21 jun 2015 - 10:35

In 35-jierrige frou út Ljouwert is sneontemiddei mei har scooter op in iepenslaande autodoar klapt. De frou ried mei har 12-jierrige soan op de skooter. Se woe om de auto hinne ride, mar krekt op dat stuit die de ynsittende de doar iepen. De frou en har soan foelen hjirtroch fan de skooter.

De frou moast mei in ambulânse nei it sikehûs. Har soan hold skaafferwûnings oan it ûngelok oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)