Frou Jaarsma sutelster fan 2000

20 okt 2000 - 10:49

It Fryske Boek hat frou Jaarsma-Boelens fan Lippenhuzen tongersdei útroppen ta sutelster fan it jier. Lippenhuzen waard útroppen ta suteldoarp fan it jier.

De sutelaksje hat dit jier oant no ta 462.000 gûne opbrocht, justjes minder as ferline jier. By de aksje wurde benammen in soad berneboeken en CD's ferkocht. De sutelaksje wurdt sneon ôfsletten mei de tradisjonele boekemerk yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)