Frou Himpens rydt de feart yn

09 okt 2010 - 14:11

In frou (55) fan Himpens is freedtejûn by de Ljouwerter wyk Suderbuorren mei de auto yn de feart rekke. De frou hie fierstente folle dronken en besocht op de Krommesyl mei de auto te kearen.

Dêrby kaam se mei de auto fêst te sitten yn de drek. Doe't se flink gas joech om los te kommen, skeat se mei in gong achterút de feart yn. In groep jongeren dy't by de Drachtsterbrêge stie, warskôge de plysje. De frou hie sawat 6 kear mear dronken as tastien is. Har rydbewiis yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)