Frou Frjentsjer is deastutsen

17 mrt 2010 - 12:08
  • De plysje wurket mei 30 minsken oan it ûndersyk nei de moard yn Froonacker

De dea fan de 69-jierrige Pietsje Bouma út Frjentsjer hat neat te krijen mei rôfmoard. Dat is dúdlik wurden út it plysje-ûndersyk: der mist neat út har wenning en ek is der net ynbrutsen.

Yntusken is ek seksje dien op it lichem fan de frou. Dêrút hat bliken dien dat de frou troch messtekken om it libben brocht is. Bloedspoaren yn de wente wize dêr ek op. It mes is lykwols noch net fûn. De plysje wurket mei 30 minsken oan it ûndersyk nei de moard yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)