Frou foarkomt ôfbaarnen pleats

12 jan 2013 - 10:39

In frou út Wytgaard hat freedtenacht foarkomme kind dat de pleats fan har buorlju oan de Hegedyk ôfbaarnde. De frou seach brân oan de achterkant fan de stâl en belle 112. In plysjeman wie der gau en sette mei de eigener fan de pleats de doarren fan de stâl iepen. De reek koe sa fuortkomme, wêrtroch't de 150 kij minder gefaar rûnen. De brânwacht wie der gau by en koe it fjoer útkrije. De brân wie troch noch ûnbekende oarsaak ûntstien yn in shovel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)