Frou fjouwer wike dea op bêd

17 jun 2011 - 15:22

Yn in flat oan it Keatslân yn Snits is tongersdeitemiddei in frou (53) fûn dy't fjouwer wiken dea op bêd lein hat. Neffens wenningstichting De Wieren giet it om in pasjint fan de GGZ. De frou soe in natuerlike dea stoarn wêze.

De wenningstichting krige in tip fan de húsmaster. Dy hie de frou al in skoft net sjoen. De plysje hat de doar fan de flat iepenmakke en dêrnei de frou op bêd fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)