Frou ferwûne by ûngelok

28 jul 2011 - 18:09

In automobiliste is tongersdei oan de ein fan de middei ferwûne rekke by in ûngelok by Boalsert. De frou bedarre op de Easthimmerwei troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto op 'e sydkant. Se rekke dêrby beknypt yn har auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

De frou is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Neffens de plysje hat ferkear net al tefolle hinder fan it ûngelok hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)